Allah lit ús gewurde
Resint ferskynd
TEHERAN – Allah hat alle hope mei it westen oerjûn. Dêrom komme hjir net safolle natoerrampen foar. Dat seit de Iraanske ayatollah Kazem Seddighi.
In wykmannich lyn bewearde Seddighi dat de ierdskokken fan de lêste tiid in straf binne fan Allah omdat froulju har net kein en keken genôch hâlde en drage.
Yn in reaksje dêrop organisearre de Amerikaanske studinte Jennifer McCreight de wrâldwike aksje Boobquake. Froulju moasten allegear tagelyk mei sa min mooglik tekstyl oan de dyk op en lit de boarsten mar ris goed skodzje. Ierdskokken kamen der net fan.
No seit Seddighi dat Allah guon mienskippen warskôget as se har misdrage. It westen is lykwols al te bot bedoarn mei syn homoseksualiteit en frije geslachtlike omgong, dêr hat Allah Him de fingers fan ôflutsen. Hy is sa lilk op de westerlingen dat Er har mar gewurde lit yn har ymmorreel gedrach, dat se nei har dea nei it djipste fan de hel ta geane.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje