300 Friezen moetsje inoar
Resint ferskynd
Freed 28 maaie moarns om 4.30 oere reizgje út Ljouwert (Fryslânplein, WTC Expo) in 120 Friezen ôf nei it Hochseeilân Hilgelân (Helgoland) foar it 17e Friesen-Droapen. Dat Friesen-Droapen – foarhinne de Sternfahrt der Friesen – is in benammen kulturele reis fan trije dagen dy’t om ‘e trije jier hâlden wurdt foar de Friezen út de hiele wrâld, mar benammen út it Dútske Noard- en East-Fryslân en ús, saneamde Westerlauwerske, Fryslân. De Hilgelanners kinne út East-Fryslân sa’n 60 oant 80 dielnimmers ferwachtsje en út Noard-Fryslân wei wurdt op 90 oant 100 persoanen rekkene.
De freedtemiddeis is de Ynterfryske Rie foar syn jiergearkomste te gast op it Hilgelanner gemeentehûs fan de yn septimber oankommend ôfskiednimmende boargemaster Frank Botter.
Nij yn it programma fan 2010 binne in polityk kafee yn it Hilgelanner gemeentehûs, fersoarge troch Markus Grafenburg fan Stuttgart en in Ynterfryske itensiederswurkwinkel, fersoarge troch Wieke de Haan fan Mantgum.
De Fryske jongerein is dit jier ek wer goed fertsjintwurdige. Twa jongereingroepen fan de Boazumer Dûnsskoalle Enequist binne fan de partij en der wurde sport- en spulaktiviteiten organisearre; foar Fryslân fersoarge troch de jeugd fan it FYK (Frysk Ynternasjonaal Kontakt).
Op ûnderskate plakken op it reade rotseilân binne optredens fan artysten út de trije Fryske gebieten. Ut namme fan ús Fryslân giet de Ljouwerter Skotsploech mei, lykas de artysten Rob du Jardin & Grytsje Kingma. Muzikale alleskinner Rob du Jardin wûn yn 2009 de publykspriis fan it Fryske sjongfestival Liet en ek yn 2010 helle er de finale fan it Fryske sjongfestival. Fierders hat elk genôch gelegenheid om it eilân op eigen wize te ûntdekken. Yn ‘e regel kinne boattochtsjes om Hilgelân makke wurde, it oanbuorjende eilantsje Düne kin besocht wurde, men kin oanslute by in fûgelekskurzje, in rûnlieding troch de bunkers of him deljaan yn ien fan ‘e Hilgelanner kroechjes en restaurantsjes. Boppedat is der in nagelnij swimbad en binne der in oantal musea op it belestingfrije eilân.
It Friesen-Droapen wurdt mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân en de Douwe Kalma Stifting.
It programma fan it Friesen-Droapen is te finen www.fryskerie.nl en www.interfriesischerrat.de
De Ynterfryske Rie is in gearwurkingsferbân tusken de Dútske Noard- en Eastfriezen en ús saneamde Westerlauwerske Friezen. Healwei 2009 is it foarsitterskip en sekretariaat fan de Y.R. foar trije jier oergien nei Fryslân. Fan 2009-2012 is Roel Kaastra fan Nijbeets foarsitter fan de Ynterfryske Rie.
Neffens my is it ”Heechseeëilân” ynstee fan ”Hochseeilân”.
Bin benijd oft se de rûne sjitskiif (Ynterfryske flagge fan de Ynterfryske Rie) ek ophingje. Dat ding is no ôfkard:
http://www.groepfanauwerk.com/homeFwapen.html
Of “eilân op folle see”?
Yndied, dy sjitskiif meie se fan my ôfsjitte as wie it in klaaido.
It is spiitich om te sizzen mar mei sa’n ynterfryske flagge wurkje ik echt net mei.
Ik bin grutsk op it ynterfryske barren, mar mei dizze flagge skamje ik my gewoan.
Ynterfryske Rie, jou de boargerfriezen de kar foar in ynterfryske flagge.