1,7 miljoen foar Nl/Fry grammatika

maaie 28, 2010 14:16

De Nederlandse Organisatie voor Wetenschappelijk Onderzoek (NWO) hat in subsydzje fan 1,7 miljoen euro tawiisd oan it Taalportaal, in projekt dêr’t de Fryske Akademy ien fan de oanfregers fan is. It Taalportaal wurdt in online grammatika fan it Frysk en it Nederlânsk dy’t alle grammatikale kennis oer beide talen byinoar bringt. It Taalportaal is ornearre sawol foar ynternasjonale taalkundigen as foar de taalbrûker.

It is echt in seldsumheid dat NWO subsydzjes út in >NWO-groot= programma tawiist oan in taalkundich projekt. NWO jout sels as reden:
Deze investering is een via internet toegankelijke database, waarmee op nieuwe wijze karakteristieken van het Nederlands (en Vlaams) en Fries kunnen worden blootgelegd, is wetenschappelijk zinvol en goed gemotiveerd. De technische inrichting van de portaal is goed gepland. Ook is het sterk dat vrijwel alle prominente onderzoekers op dit terrein in Nederland in onmiddellijk contact staan met de aanvragers.”

Parallel
Yn it Taalportaal wurde it Frysk en Nederlânsk parallel beskreaun. Dat jout én de mooglikheid om goed te ferlykjen én sil yn de praktyk liede ta in besparring op de ynset oan Fryske kant om’t no ienkear in soad dingen yn beide talen gelyk binne. Mar de Fryske grammatika wurdt net in fuotnoat op de Nederlânske: de technyske opset jout de brûker de kâns beide talen ek apart te besjen.
De trochrintiid sil fiif jier wêze. Út de Fryske Akademy wei sille eigen taalkundigen har saakkundigens ynbringe wylst it ekstra jild ek de kâns jout nije minsken oan te lûken.

It Taalportaal is in inisjatyf fan it Meertens Instituut, ûnderdiel fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW). De oanfraach is yntsjinne troch in gearwurkingsferbân fan Meertens Instituut, Fryske Akademy (liearre oan de KNAW), Universiteit Leiden en it Instituut voor Nederlandse Lexicografie. In grut part fan de Neerlandistyk en Frisistyk is deryn behelle.

maaie 28, 2010 14:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.