WilleWike 2010

april 29, 2010 17:51

Takomme wike set de WilleWike wer út ein. Fan ‘t jier geane yn totaal 31 bern mei en 8 lieders. De bern binne ferdield oer twa groepen, in basisskoallegroep en in fuortsetûnderwiisgroep. De earste groep giet moarn al fuort en komt 4 maaie werom. De oare groep komt op 5 maaie op Skylge oan en sil op 9 maaie wer werom.

No ha wy as lieding fan de WilleWike de redaksje fan itNijs.nl hifke oft it harren ek aardich like as wy sa no en dan wat fan ús hearre litte. De redaksje fûn it in goed idee en dêrom sille wy besykje om fan sneon ôf alle dagen in berjocht efter te litten op itNijs.nl. Soks kin wêze yn de foarm fan in skreaun stik en as it slagget sa út en troch ek ris in filmke. De bern sille dêrby fansels in grut oandiel ha.
Op dizze wize kinne jim fan de fêste wâl ôf ek noch wat fan ús aventoeren meikrije. Mis it net, want it wurdt in topwike!

Sjoch foar mear ynformaasje oer de willewike op www.willewike.nl

april 29, 2010 17:51
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. K. Koopmans april 30, 13:00

    Wat mear willewiken, wat mear wille!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.