Walen easkje weryndieling

april 7, 2010 21:18

In stikmannich Flaamske gemeenten moatte by Brussel ynlive wurde. Dat is de miening fan guon Frânsktalige partijen yn België. De Nederlânsktalige partijen binne dêr poer op tsjin, mar wurde op it heden ûnder druk set. Ien fan de fûlste foarstanners is Damien Thiéry, dy’t yn 2007 keazen waard ta boargemaster fan Linkebeek, mar noait beneamd waard omdat de Flaamske gemeente Frânsktalige opropkaarten foar de stimming ferstjoerd hie. Linkebeek heart by Flaanderen, mar is de lêste jierren oerstreamd mei Frânsktalige ymport.

Yn De Morgen seit Thiéry hjoed dat er der wis fan is dat Frânske partijen allinnich meiwurkje sille oan in nij kiesstelsel as de weryndieling fan de gemeenten om Brussel hinne trochgiet. De rjochter hat de opdracht jûn om it kiesstelsel te feroarjen, mei’t it net earlik wie. No meie Frânsktaligen yn in stik fan Flaamsk-Brabân op Frânsktalige partijen stimme, wylst Nederlânsktaligen nearne yn Walloanië op in Nederlânsktalige partij stimme kinne.

De taalproblemen yn kaart: it oranje en griene stik fan de kaart is it Flaamske stik fan it kiesdistrikt  Brussel-Halle-Vilvoorde, dêr’t minsken by lanlike ferkiezingen op Nederlânsktalige sawol as op Frânsktalige partijen stimme meie. De griene gemeenten hearre by Flaanderen, mar Frânsktaligen meie der in hiel soad ek yn it Frânsk dwaan.

april 7, 2010 21:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.