Twaris deselde film

april 28, 2010 14:15

AMSTERDAM – In remake fan in Nederlânsktalige film dy’t amper twa jier âld is. Yn it Nederlânsk. Regissearre troch de man dy’t ek regisseur fan it orizjineel wie. It heart allegear net like logysk, mar Erik van Looy wol de thriller Loft op ‘e nij meitsje, mei 1,2 miljoen besikers de suksesfolste Belgyske bioskoopfilm út de skiednis.

Juster waard buorkundich makke dat Kim van Kooten in rol kriget yn de film. Dat jildt ek foar Katja Herbers, Hadewych Minis, Lies Visschedijk, Carolien Spoor en Chico Kenzari. Earder makke de produsint al bekend dat Barry Atsma, Fedja van Huêt, Jeroen van Koningsbrugge en Gijs Naber yn de film meispylje.

Loft giet oer fiif manlju dy’t mei-inoar in appartemint hiere dêr’t se har skarreltsjes ûntfange kinne. Op in dei treffe se dêr it lyk fan in famke oan. Dat is it begjin fan in hiele rige ûntjouwingen.

Reden foar de remake is dat de Flaamske akteurs yn Nederlân net bekend binne en dêrtroch te min publyk nei de bioskoop ta lûke.

april 28, 2010 14:15
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
    As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.