Tsjetsjeenske makket yndruk

april 12, 2010 08:43 Fernijd

De Tsjetsjeenske sjongeres Louiza Saitova fan Wâldsein makke freedtejûn yn it Heechhûs Heech in soad yndruk op de earste foarrûnde fan sjongfestival Liet 2010. Saitova song yn geef Frysk har eigen oansteklike liet ‘Rêden troch muzyk’. Hja waard dêrby stipe troch treflike muzikanten en in tsienkoppich koar. Saitova skreau it liet yn it Russysk, in freondinne fan har út Wâldsein makke de Fryske tekst.

Njonken Louiza Saitova nominearre de sjuery noch twa dielnimmers oan de earste foarrûnde foar de finale fan Liet op 22 maaie. De twa oare nominaasjes giene nei de Fryske punkrockband N.N.B. (Noch Net Bekend) en nei de nije formaasje Fjoerich famke.

It Fryske sjongfestival Liet hat dit jier, lykas de ôfrûne twa edysjes, fiif foarrûnden, dêr’t dit jier mei-inoar 38 bands en solisten oan meidogge. Op eltse foarrûnde wurde trije bands nominearre foar de finale fan Liet. Ut de groep fan 15 nominaasjes wurde letter de tsien Liet-finalisten selektearre. Ut de fiif lieten dy’t yn twadde ynstânsje ôffalle, mei it publyk noch in alfde finalist selektearje.

De oare fjouwer foarrûnden fan Liet 2010 binne op sneon 10 april yn De Groate Kerk yn Sint Jabik (16.00 oere), yn De Colle yn Kollum op freed 16 april, yn Hotel De Zon yn Easterwâlde op sneon 17 april en ta beslút yn de Academie voor Popcultuur yn Ljouwert op tongersdei 22 april.

Sjoch foar mear ynformaasje ek op www.liet.nl

april 12, 2010 08:43 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.