Puzelrit einiget yn polysjesel

april 10, 2010 10:29

In rallyrit is foar in tige entûsjaste dielnimmer fan 26 jier einige yn de sel. De man út Hilversum hat in hektometerpealtsje út ‘e grûn lutsen om oan ‘e finish as in trofee sjen te litten oan de oare dielnimmers. Ynstee dêrfan koe hy harren in fikse print toane.

De man siet mei acht oaren yn in buske. Ien fan de opdrachten fan de puzelrit wie it meitsjen fan in foto fan in hektometerpealtsje by de A27 lâns. De rallyrider fûn it in ludike aksje om de peal út ‘e grûn te heljen en mei te nimmen. De polysje ûntdiek de dieverij en hold it buske op de Wakkerendijk yn Eemnes oan.

It hektometerpealtsje blieken yndied yn ‘e bus te lizzen. De rallyrider is nei ferhoar mei in boete fuortstjoerd. Hy kin ek in rekken ferwachtsje foar it weromsetten fan it pealtsje.

april 10, 2010 10:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.