Opskuor om homofile messias

april 7, 2010 18:43

Stel dat de messias hjoed de dei op ierde komme soe en homo wie. It toanielstik ‘Corpus Christi’ boartet mei dat idee. Yn it stik, skreaun troch Terrence McNally, sprekt in jezuseftich personaazje him ek út foar it homohoulik. In groep Amerikanen wearzget fan it toanielstik. De aksjegroep TFP Student Action hat der mei demonstraasjes foar soarge dat in opfiering derfan yn Teksas net trochgong, formeel mei it argumint dat dy “gjin artistike mearwearde” hie. No ropt de organisaasje op om aksje te fieren tsjin de opfiering oan de dôve-universiteit Gallaudet yn Washington.

TFP Student Action, in klub dy’t opkomt foar “tradysje, húshâlding en eigendom”, neamt it stik op syn website “in nije oanfal op ús Hear”. Neffens in parseberjocht fertsjintwurdiget de organisaasje “tûzenen âlden en studinten” dy’t op it stik tsjin binne. “De universiteit hat net it rjocht om de reputaasje fan de God-Minsk oan te taasten en him dan op akademyske frijheid te beroppen,” seit in wurdfierder. “Blasfemy falt net ûnder it frije wurd,” sa is er fan betinken. De organisaasje wol net dat de universiteit belestingjild brûkt om it leauwe de gek oan te stekken en ropt minsken op om de rektor fan de universiteit plat te beljen mei de opdracht om de foarstelling ôf te sizzen.

De universiteit docht te witten dat it de publike diskusje oer it stik nijsgjirrich fynt en dat sokke diskusjes it doel binne fan universiteiten. Oer it stik sels – of wat foar oar toanielstik ek mar – hat it universiteitsbestjoer gjin miening.

De regisseur fan it stik, Ethan Sinnott, seit: “De demonstranten hawwe gjin idee wêr’t se tsjin demonstrearje. Neffens my hawwe se it stik hielendal net sjoen.” Hy leit út dat it stik de krusiging fan Jezus sjen lit as in ‘hate-crime’, in misdied omreden fan hate. Yn it “fûnemintalistyske en homofobe” Amearika soe in homofile messias neffens de regisseur hjoed de dei itselde oerkomme kinne as Jezus yn dy syn tiid. “Corpus Christi wol de kearnwearden fan it kristlike leauwe krekt fersterkje.”

april 7, 2010 18:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.