Oaljelek rint út op ramp

april 30, 2010 13:34

In grutte oaljesmet yn de Golf fan Meksiko bedriget de kusten fan de Amerikaanske steaten Louisiana, Missisippi, Alabama en Florida, mei mooglik grutte skea foar beskerme natuergebieten, strânrekreaasje en lokale fiskerij. De earste oalje is fannacht oanspield yn ’e mûning fan ’e rivier de Mississippi. Dat kin útrinne op in ekologyske ramp yn it bysûndere gebiet mei ûnder oaren sâlte sompen dêr’t tal fan fûgels, fisken, seeskyldpodden en walfisken tahâlde. De krite is benammen wichtich foar wetterfûgels en it treft ek nochris tige min dat it op it heden briedtiid is. In grut part fan de garnalen en krabben dy’t yn Amearika iten wurde, wurdt hjir fongen. De garnalefloat fan Louisiana is halje-trawalje útfearn om noch gau-gau sa folle mooglik fan de rispinge te rêden. 800px-Oil_recovery_vessel_in_the_Gulf_of_MexicoDer wurdt manmachtich, mei ynset fan it leger, besocht katastrofale gefolgen foar te kommen troch barriêres oan te lizzen en de oalje mei gemikalyen te behanneljen en yn ’e brân te stekken. Op ’e foto in oaljebestridingsskip.800px-Oil_Leak_from_Damaged_Well_in_Gulf_of_Mexico

Satellytfoto fan de kusten fan (fan lofts nei rjochts) de Amerikaanske steaten Lousiana, Mississippi, Alabama en Florida mei yn ’e midden de yn see útstekkende delta fan de Mississippi-rivier en rjochts dêrfan de oaljesmet. Rjocht boppe de delta (likernôch op ‘e hichte fan New Orleans, noardwestlik fan de delta) leit oan ‘e kust in tige wichtich natuerreservaat mei de Chandeleur Islands.

De oarsaak fan de ramp is in grutte eksploazje dy’t ferline wike foarfoel op it boareilân Deepwater Horizon fan it bedriuw Transocean dat dwaande wie mei it oanboarjen fan in nije oaljeboarne foar BP. De Britske oaljereus stie krekt op it punt in nije kommersjeel oantreklike oaljefynst wrâldkundich te meitsjen. Yn plak dêrfan moasten de oaljewurkers hommels harren driuwende doarp ferlitte. 115 Wurkers binne feilich oan lân brocht, mar 11 minsken binne yn de eksploazje bleaun. Der lizze no noch 17 yn it sikehûs. It besykjen de brân te dwêsten (sjoch foto’s) wie om ‘e nocht en it fjoer raasde troch oant it boareilân yn de weagen ferdwûn. Deepwater_Horizon_offshore_drilling_unit_on_fire_2010KopieDe berjochten wienen ynearsten dat de miljeuskea wol wat tafoel omdat der gjin oalje út ‘e seeboaiem snjitte soe. Letter die bliken dat der ál oalje spuitet út de teknûkele griemmank fan oaljepipen dy’t no op ‘e seeboaiem leit. Dêrnei waarden de berjochten hieltyd slimmer: yn it earstoan waard rûsd dat 160.000 liter oalje deis de see ynlekte, no is der al praat fan 800.000 liter.

De krekte oarsaak fan it ûngelok moat noch ûndersocht wurde. Blykber hat in 450 ton swiere ‘útbarstingsfoarbehoeder’ net funksjonearre. Sa’n ding is in foech skjirre dy’t de pipe tichtknipe moat. Saakkundigen suggerearje dat de pipe te sterk makke wie fanwege de grutte djipte: op it boarringsplak is de see oardel kilometer djip. Oaren bringe op it aljemint dat in soarte fan metaalwurgens troch de hege wetterdruk op sokke grutte djipten in rol spylje kin. Wat de presize oarsaak fan it ûnk ek is, it is wol dúdlik dat it in hiele toer is en doch der wat oan, omreden dat der yn tige djip wetter boarre is. Der wurdt wakker besocht om mei ûnderseerobots de útbarstingsfoarbehoeder noch te aktivearjen mar dat is oant no ta net slagge. In oare mooglike oplossing is it oanbringen fan in koepel oer it lek om fersprieding fan de oalje te beheinen, mar soks is noch nea yn sok djip wetter probearre. Fierders kin der in twadde gat boarre wurde om de druk te ferminderjen, de oalje te ûnderskeppen en in spesjale swiere floeistof yn te spuitsjen om de útstream te minderesearjen, mar dat kostet in oantal moannen.

Djipseeboarrings binne nedich omdat it hieltyd dreger wurdt oalje te finen: de maklik te berikken oaljefoarrieden binnen allegearre al oanboarre. Polityk beskôge komt de ramp op in tear momint: fan 1982 ôf wie der yn de Feriene Steaten in stop op it ûntwikkeljen fan nije oaljegebieten bûtengats, mar dy wol presidint Obama no krekt opheffe. Nei alle gedachten sille de protesten dêrtsjin fan no oan fûler wurde.800px-Deepwater_Horizon_offshore_drilling_unit_on_fire

april 30, 2010 13:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.