Hiel goed. It soe lykwols noch better wêze dat der ek yn ‘e eter folle mear Noardfryske útstjoerings op radio en TV binne. In taak foar de oerheden dêre om dat te befoarderjen en dêrmei de Noardfriezen mear erkenning te jaan.
Fansels mei iens, mar it is wol sa dat dizze nijsberjochten (en earder de foriining for nordfriisk raadio) út de minsken sels wei komt. Se binne mei muoite en tiid yninoar set. It fernuveret my bytiden hoe’t it in lyts ploechje minsken slagget om de Noardfryske kultuer sa libben te hâlden en sa sichtber te meitsjen: eigen radio, toaniel, skriuw- en sjongwedstriden, twatalige buorden, ynternasjonale kontakten, jeugdwurk. Folle net genôch. En dat foar in grut part bûten de ynstituten om.
Moai dat Noard-Fryslân omtinken jout oan de ûntjouwingen hjirre.

Op it stuit sjoch ik hjir neat. Mar men kin it wol hearre fia http://friiskforiining.podspot.de/rss+all
Op it wurk koe ik de útstjoering beharkje, mei myn eigen kompjûter slagget dat net.
Noardfryske webradio ‘Nais foon diling’ no daliks te hearren op:
http://friiskforiining.podspot.de/files/friesisch.mp3
It is wol in útdaging om it wat ferstean te kinnen!