Natuerdiskusje giet fierder

april 29, 2010 21:17

Op krityk fan natuerpommerant Frans Evers yn it deiblêd Trouw op it Europeeske natuerbeskermingsprogramma  Natura 2000 (sjoch https://www.itnijs.frl/2010/04/opmerklike-krityk-op-natura-2000/?mc=) kaam de ôfrûne fjirtjin dagen út alle hoeken en hernen kommentaar. It measte dêrfan wie, yn tsjinstelling ta Evers’ argumintaasje, frijwat swart/wyt: de natuerbeskermers wolle strange regels, de ûndernimmers kinne gjin beheinings ferneare. De earste fielden harren ferret troch Evers, dy’t ynienen de held fan de lêsten wie. Boppedat bleau it abstraksjenivo fan de diskusje behoarlik heech. Hjoed ferskynde der lykwols yn itselde deiblêd Trouw in ynstjoerd stik fan Anneke van Mispelaar, adviseur op it mêd fan ekonomy en romte, dy’t ris in konkreet foarbyld jout fan hoe’t regeljouwing de natuer just ferdistruwearje kin.

tinteVan Mispelaar wiist der op dat natuerbeskerming bestiet omdat wy sa genietsje yn de natuer en  komt mei it foarbyld fan kempings yn de Ekologyske Haadstruktuer (EHS) dy’t net modernisearje kinne omdat de needsaaklike beheinde útwreiding ferbean is. Trochdat de kempings net biede kinne wat de rekreanten hjoed de dei freegje, reitsje se yn it neigean. Dan slaan, sa’t Van Mispelaar it neamt, de hyena’s fan de ûnreplik guod wrâld ta. Dy keapje de boel op om dêr twadde wenten te realisearjen. Sa feroarje fjildsjes dêr’t eartiids tinten of lytse hûskes stienen yn fillaparkjes yn ’e bosk. Ûnder oaren op ‘e Veluwe wurd wakker besocht dizze ferstedsking fan de natuer op te kearen, mar dat falt o sa ôf omdat de wet allinnich praat oer tallen kante meters en kampearplakken. De adviseur pleitet dêrom foar rekreative gebiete-ûntwikkeling: ûndernimmers, natuerbehearders, oerheden en oare partijen dy’t yn ‘e mande plannen meitsje dêr’t sawol natuer, rekreanten as ûndernimmings mei foarútbuorkje. Van Mispelaar: “Net straf fêsthâlde oan de letter fan de wet, mar yn de geast fan de wet gearwurkje oan duorsume rekreaasje yn de natuer.”

april 29, 2010 21:17
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Skriuw in reaksje

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.