Marijnissen oer gesach

april 17, 2010 23:35

Minsken helje gjin grypprik omdat se benaud binne dat se geheimsinnige nanodieltsjes ynspuite krije. Oaren besykje ûnder de namme fan homeopaty mei in glês wetter sykten te genêzen. Ald-SP-lieder Jan Marijnissen frege him dizze wike yn de Thorbeckelêzing ôf hoe’t it komt dat minsken langer sa ûnnoazel dogge.

Neffens Marijnissen is de gelikensens tefolle trochsketten. Alle opfettingen binne sûnt de jierren ’80 lykweardich wurden, ek dy fan saakkundigen en likebruorren. Dat hat derfoar soarge dat minsken feiten net mear samar fan wittenskippers oannimme. Wittenskippers dy’t wolle dat der wat dien wurdt mei har ûndersyksresultaten moatte der de boer mei op.

De SP’er sjocht ek politike konsekwinsjes fan de trochsketten gelikensens, bygelyks by TON en de PVV, twa partijen dy’t neffens Marijnissen “groeien op de tijdelijke oprispingen van volkse verontwaardiging over het establishment en zijn beleid”. Sokke “tijdelijke oprispingen” binne hjoed de dei blykber ek mieningen dy’t men yn ‘e polityk hearre litte kin. It fernuveret Marijnissen dat serieuze media safolle omtinken jouwe oan de ûnsin dy’t de twa partijen ferkundigje.

Marijnissen pleitet derfoar dat de oerheid wer ferantwurdlikheid nimt foar de maatskippij. De befolking is ûntefreden en rekkenet de oerheid de misstannen oan dy’t it gefolch binne fan de privatisearring. Foarbylden binne de skaalfergrutting en anonimisearring, de kwaliteitsefterútgong troch de privatisearring en de saneamde fleksibilisearring fan de arbeidsmerk dy’t ta earmoed laat hat. As de bestjoerlike elite syn macht weromnimt, krijt de befolking syn respekt foar autoriteit en gesach wer werom. Dêr soe de maatskippij neffens Marijnissen baat by hawwe.

Klik hjir om de tekst fan Marijnissen syn lêzing te besjen.

april 17, 2010 23:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.