Leaver sûkelade as seks

april 7, 2010 19:02

By de Sweedske froulju stiet sûkelade heger op it ferlanglistke as seks. De froulju yn Malmö tinke der lykwols gelyk oer as de manlju. It sûkelademerk Marabou hat ûndersykje litten wat de fiif favorite beuzichheden binne yn it wykein. Net alhiel ûnferwachte kaam der út dat ûndersyk dat sûkelade ien fan de favoriten is. Mar it measte by de froulju. De manlju dûke leaver it bêd yn mei harren partner. Mar beide binne fan miening dat in goed miel en in film it wichtichste binne. Trije fan de fjouwer froulju sjogge it as romantysk as se troch harren bewûnderer ferrast wurde mei sûkelade, foaral ûnder de jongerein. Net mear as 9 persint fan de âlderein (+56) fynt itselde. Mar de mieningen fan de froulju binne ferdield. Yn Malmö wol 46 persint fan de froulju seks yn it wykein en mar 35 persint sûkelade.
Ut it ûndersyk kaam ek nei foaren dat sawol manlju as froulju it beswierlik fûnen om in doaze mei sûkelade dy’t se krigen hiene te hâlden. Fjouwer fan de tsien hat wol ris in doaze kadodien dy’t se sels earst krige hiene. Fan de âlderein (+56) hat 46 persint der neat op tsjin om in skonken doaze mei sûkelade wer wei te jaan.

april 7, 2010 19:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.