Keninginnedei

april 30, 2010 12:18

Hjoed is it keninginnedei. Ik bin net sa fan it keninklik hûs, mar salang as se gjin ferkearde dingen dogge, meie se om my wêze sa’t se binne.
Mar, en ik jou it grutsk ta, hjoed is de keninginne myn heldinne.
Op de site www.4en5mei.nl stiet se tusken alle oaren dy’t in posityf boadskip ha, mei in tekst dy’t ik net letterlik werhelje kin, sa goed is myn ûnthâld no ek wer net.
Mar it komt derop del dat elkenien oan de frijheid fan no en letter meiwurkje kin. En wa’t dat wol, kin mar it bêste begjinne mei de hate dy’t er yn himsels fielt, te oerwinnen en te ferfangen troch leafde.
Sa woe ik it dan mar ha. Ik en de keninginne tekenje dêrmei foar de frede. Der binne moaie dingen genôch yn de wrâld dy’t helpe kinne om de ellinde te ferjitten. Humor en kreativiteit stypje de minsken dêrby.
Mei de keninginne lang libje, mei har boadskip foar my en alle oaren dy’t it net sa maklik hân ha en no frede en feilichheid fine wolle. En de frijheid om te dwaan wat se fiele dat goed is.
www.klaskehiemstra.nl

april 30, 2010 12:18
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Skriuw in reaksje

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.