Jezus yn haaielân?

april 29, 2010 14:47

BELFAST – Sa útsûnderlik wienen Marije en Jezus net, sa’t it liket. It trúkje fan it swier wurden sûnder man behearskje haaien nammentlik ek. Dat hat in ploech Amerikaanske en Noard-Ierske wittenskippers ûntdutsen.

Paulo Prodöhl fan de Queens University yn Belfast seit: “Nei alle gedachten is it in oerlibbingsstrategy fan de haai.” Soenen der gjin mantsje genôch wêze, dan kin it wyfke ek allinnich in bern krije. By hammerhaaien (sjoch foto)  binne in pear gefallen ûntdutsen. De aaisel fan sokke wyfkehaaien begjint himsels te dielen, sûnder befruchting. De dochterhaai is genetysk identyk oan de mem.

april 29, 2010 14:47
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Skriuw in reaksje

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.