Iepenloftspullen wer gongber

april 11, 2010 22:37

De earste iepenloftspullen begjinne meikoarten wer yn Fryslân. Bears spilet “Feste, de nar fan Unia”, in bewurking fan Shakespeare syn stik “Twelfth Night, or What You Will”. De earste foarstelling is op woansdei 28 april. Klik hjir foar mear ynformaasje.

De Fochtel sil ek al gau los. It Stellingwerver doarp spilet in Hollânsktalich stik, “Het verlies van Riekje”. It giet oer de deportaasje fan joadske Stellingwervers yn de Twadde Wrâldoarloch. Op 6 maaie is de earste foarstelling. Klik hjir foar mear ynformaasje.

De doarpen Jelsum/Koarnjum/Britsum fiere dit jier ek in iepenloftspul op. It hyt fan “Fier fuort” en wurdt opfierd by Dekema State. It is spesjaal foar de gelegenheid skreaun en giet oer twa tige ferskillende famyljes. Op 2 juny begjint it program. Klik hjir foar mear ynformaasje (de site is foar in grut part Hollânsktalich, mar it stik is gewoan yn it Frysk.)

april 11, 2010 22:37
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Skriuw in reaksje

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.