Heity, wêr bisto?

april 3, 2010 14:54

Bern groeie op sûnder heit, dat hat altyd sa west.
Yn de oertiid giene de heiten deropút om te jeien, yn de midsieuwen kamen se oan de kost as kwaksalvers op merken tichtby mar foaral fierôf, yn letter ieuwen wiene se altyd en ivich op see en tsjintwurdich begrave se har yn it wurk.
“It heiteleaze bern”, útjûn troch Tresoar, lit sjen dat út de âldste wetsteksten fan Fryslân it bliken docht dat er ek minsken begien wiene mei it lot fan bern dy’t hielendal opgroeie moasten sûnder heit. It is net sa dat se troch elkenien ferwaarleazge waarden. Der waard soarge foar jild, sadat de bern leare koene, in plakje fine yn de maatskippij.
Yn it prachtich foarmjûn boekje fan Tresoar steane lykwols ek de emoasjes, dy’t de bern meidrage moatte, yn wurden fan de Fryske skriuwers fan no..
Djip yn it hert snije de wurden fan Tsjisse Hettema:

Soe in oar my stean sjen
Soe in oar my witte litte dat er my seach?

Jild en in oplieding, tafersjoch kinne net alles oplosse. Sels in mem kin net “alles” betsjutte foar har bern, al docht se noch sa har bêst om it iepen plak fan de heit op te foljen.
Miskien dat in pake, dy’t noch libbet en syn bernsbern wat leafde taskikke wol, in lyts bytsje goed meitsje kin fan it sear dat de heiten harren bern oandogge troch net it belang te ûnderkennen fan der gewoan mar wêze.
www.klaskehiemstra.nl

april 3, 2010 14:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.