Gedicht: fiele
Resint ferskynd
Ut en troch ferskine gedichten fan my op de side fan It Nijs. Ik tink dat myn fersen sawol serieus as boartlik wêze kinne: earnst mei in knypeach om my. Lês mar ris fierder.
Bauke Miedema út Menaam.
Fiele
neat fiele is neat
alles fiele is ek net alles
fiele
wat west is
wat is
wat wêze sil
watsto graach wolst
watsto net kinst
watsto net fielst
der wurdt wat ôffield
en mei ompield
de leechte folle wolle
niks fiele is dea
dea fielt net goed
en goed dea noch minder
gefoel op ‘e rin
wol wat net kin
en leechte jout romte
foar folle gefoel
oer het gemis
fan wat net is.
sa drok
och sa drok
mei
geëamel
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje