Frou hâldt fan bromstim

april 29, 2010 15:26

CAMBRIDGE – Memmen hâlde fan manlju mei in hege stim. Frijfammen falle op manlju mei in djippe, ientoanige stim. Manlju fine in hege stim by froulju oantreklik, mar tinke dat froulju mei in lege stim bettere memmen binne.

Dat hat in ynternasjonaal ûndersykstiim ûntdutsen. Op Kennisnet is in gearfetting fan it ûndersyk te lêzen. Nijsgjirrich is fierder dat kultuer der net safolle ta docht: net allinnich westerske minsken hawwe de boppesteande foarkarren, dat jildt ek foar primitive stammen yn Afrika. As natuerlike stimmen mei de kompjûter heger, leger of monotoaner makke waarden, reagearre elkenien dêrop.

Neffens de ûndersikers tsjut ientoanigens op wissichheid en sûnens. In djippe stim tsjut op testosteron, wat in jager hawwe moat, mar wat de kâns dat in heit syn frou en bern ferlit ek grutter makket.

Klik hjir om de gearfetting op Kennislink te lêzen.

april 29, 2010 15:26
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Roel april 30, 10:45

    Brombrom! Kom mar op, frijfammen 😉

  2. Nynke septimber 2, 23:35

    Haha, ik geloof er best iets van! 🙂 🙂

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.