Nije Noardfryske omrop
Resint ferskynd
De Fering Stiftung op it Noardfryske waadeilân Feer begjint mei in nije radio-omrop: Friisk Funk. De wichtichste fiertaal op ‘e radio moat it Noardfrysk wurde. Foar it projekt wurket de Fering Stiftung gear mei it gymnasium op Feer en mei de Öömrang Skuul op it oanbuorjende eilân Oomram. De Fryske Rie betellet ek mei oan it projekt, krekt lykas it Offene Kanal Westküste, dat de frekwinsje beheart. De kosten binne likernôch in ton yn it jier.
Learlingen fan de beide dielnimmende skoallen krije in koarte oplieding ta radio-reporter. Doel is dat sy ûnder lieding fan in betûfte redakteur in grut part fan de stjoertiid ynfolje. De nije omrop is te hearren fia it Offene Kanal Westküste. Foarhinne wie dat mar yn in lyts stikje fan Noard-Fryslân te ûntfangen, mar no bestrykt it it grutste stik fan it Frysktalige part fan Noard-Fryslân. De útstjoeringen sille ek oer it ynternet te beharkjen wêze.
Mear ynformaasje is te finen yn Der Inselbote.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje