Besetter woe Hollânske tenniswurden

april 10, 2010 16:31

Heren-dubbel, voetfout, voordeel en gelijk. Yn it hjoeddeiske tennis binne it deagewoane termen. Dat is lykwols noch net sa lang it gefal. Jan Luitzen skriuwt yn it aprilnûmer fan Onze Taal dat de Nederlânske tennistermen yn de Twadde Wrâldoarloch betocht binne. De Dútske besetter woe net lije dat der Ingelske termen op ‘e tennisbaan brûkt waarden, mei’t it Ingelsk de taal fan ‘e fijân wie. Nei de oarloch rekken nije termen lykas over de hands (‘smash’) en raket (‘racket’) yn it ferjittersboek, mar guon oaren ha tiids tosk al trochstien.

Oare sporten dêr’t it begripe-apparaat fan ferhollanske waard, binne roeien, hockey, golf en cricket.

Jan Luitzen hat mei Ad van Liempt it boek Sport in de oorlog. Meer verzetje dan verzet besoarge. De boppesteande ynformaasje is dêr ek yn werom te finen. Klik hjir foar mear ynformaasje oer it boek.

april 10, 2010 16:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.