Dokumintêre oer Rungholt

april 10, 2010 18:48

HÜSEM – De Dútske omroporganisaasje ZDF (Zentraldeutsches Fernsehen) is in dokumintêre oer Rungholt oan it meitsjen. It Noardfryske doarp Rungholt is yn 1362 troch de see opslokt en spilet yn gâns folksferhalen in rol. Sa soe men bytiden nachts de klokken fan Rungholt noch lieden hearre kinne. Der wurdt ek wol ferteld dat it doarp alle sân jier yn ‘e nacht fan 20 op 21 juny wer boppe wetter komt.

De dokumintêr wurdt foar in part dramatisearre. Mei kompjûteranimaasjes wurdt de ûndergong sichtber makke. Fierders binne de filmmakkers op it heden opnamen oan it meitsjen yn de Noardfryske haadstêd Hüsem, dêr’t yn it Noardseemuseum in permaninte útstalling oer Rungholt is.

april 10, 2010 18:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.