De nominaasjes Fryske Reklamepriis
Resint ferskynd
Foar de Fryske Reklamepriis 2010 hat de sjuery tsien Frysktalige kommersjals nominearre. Fiif yn de kategory televyzje en fiif yn dy foar radio. Op moandei 12 april sil kommissaris J.A. Jorritsma de winners út eltse kategory bekend meitsje. De 13e priisútrikking fynt plak op in byienkomst yn “Tresoar”, it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum, Boterhoek 1 yn Ljouwert. De priis bestiet ûnder oaren út weardesjeks.
De fiif nominearren yn de kategory televyzje binne Jansma Burdaard mei in produkt fan keunststofkezinen, Coca Cola mei frisdrinken, de Rabobank mei altyd en oeral tichtby Simmer yn Fryslân, de dokterswacht Fryslân en de Merkmakers mei LED Ik stap oer.
Foar de Fryske Reklamepriis 2010 hat de sjuery 88 tv-ynstjoerings beoardiele; foar de Reklamepriis 2009 wiene dat 62. In groei fan goed 40%.
Foar de bêste Frysktalige radioreklame hat de sjuery fiif ynstjoerings nominearre. It giet om in reklameboadskip fan Jacobi mei hobbymaterialen, Makelaardij Roos, Lippe Lap mei opromming 2009, Vitalis algemien en Joop Zandberg mei fytsen foar de wyn. Neffens 2009 is it tal oanbeane radiokommersjals in lyts bytsje heger: fan 119 nei 124.
De reklameboadskippen wurde troch in ûnôfhinklike faksjuery beoardiele op kommunikaasjewearde, de technyk sa as montaazje en voice-overs én de kwaliteit fan it Frysk. Humor en Frysk-taaleigen spylje in wichtige rol. Neffens de sjuery is it meitsjen fan in kommersjal mei hege kwaliteit net altiten in kwestje fan jild. Opdrachtjouwers en útfierders binne harren faak te min bewust dat kwaliteit freget om kreativiteit en technysk kinnen. De sjuery sjocht dan ek in gelikens nivo mei ferline jier.
Op moandei 12 april 2010 om 16.00 oere wurde de prizen útrikt yn “Tresoar” troch Kommissaris fan de Keninginne J.A. Jorritsma. De Fryske Reklamepriis wurdt takend oan sawol de opdrachtjouwer as it reklameburo, dat de kommersjal betocht hat. De priis bestiet út in jildbedrach en de winners krije in replika fan it byld fan Grutte Pier út Kimswert.
De Fryske Reklamepriis is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging en de Feriening Freonen fan Omrop Fryslân en is mooglik makke mei stipe fan de provinsje Fryslân.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje