De Moanne laket

april 7, 2010 09:40

De Moanne is in prachtich blêd.
Om te sjen, teminsten.
De ynhâld is net sa geweldich.
Al sûnt jier en dei wurdt de Fryske literatuer by De Moanne behannele as in styfberntsje.
Der wurde ferhalen en gedichten opnommen dy’t gjin minske serieus lêst, net omdat de minsken gjin Frysk lêze wolle, mar gewoan, omdat se der net trochhinne komme. Ien dy’t hiel bot syn bêst docht, kin wol wat opnimme, mar in hiel ferhaal útlêze, nee, dat slagget komselden.
Ik ha der hiel goed oer neitocht.
Hoe soe dat no komme.
En einlings is it my dan dochs slagge om der in finger achter te krijen.
De Moanne krijt subsydzje.
Fan de provinsje.
En dat jild moat brûkt wurden om ûnder oaren de Fryske literatuer te stypjen.
No moat men even goed neitinke.
As der ien stipe wurde moat, is er swak.
Asto dysels rêde kinst, dan hoechst gjin stipe.
Fergelykje it mar mei ien dy’t in probleem hat, makket net út wat.
Oer it algemien is it sa, dat in minske it alderbêste sels syn problemen oplosse kin. Men wit ornaris foar himsels hiel goed wat men noadich hat. Dat kin in bakje kofje mei buorfrou wêze, even boartsje mei de bern, of in moaie kuier troch de natuer. Of alle trije, fansels.
Asto in probleem hast, en do giest nei in ynstânsje, dan wurdt dyn probleem allinnich mar grutter. Want de helper wol o sa graach helpe, hy begjint foar dy te tinken en do tinkst dat hy it better wit as dy en klear. Do komst noait mear fan dyn probleem ôf.
Sa is it ek mei de Fryske literatuer. Dy hoecht net stipe te wurden. Der binne goede skriuwers yn Fryslân, dy’t net oan de bak komme kinne omdat se te goed binne.
Oe heden, dat moat net. Dan falt it op dat it tafalt, allegearre. Dan reitsje wy de subsydzje kwyt. De Fryske literatuer moat min wêze. Gjinien moat it lêze wolle. Want dan krije wy gjin stipe mear om it berntsje wat krukken te jaan.
As it sa moat, bin ik derfoar om it berntsje stjerre te litten.
Yn it Sparta fan de âlde Grieken smieten se lytse bern fan in berch ôf. De sterksten bleauwen libjen.
Eins wie dat sa gek noch net.
Tsjintwurdich besteegje wy gjin oandacht mear oan de sterken en de moaie minsken. Wy wolle allinne de knoffelhakken en de minnen stypjen.
En de Moanne giet foarop.
De Fryske literatuer moat min wêze.
En it moat sa bliuwe ek noch.
www.klaskehiemstra.nl

april 7, 2010 09:40
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. K. Koopmans april 7, 09:44

    Earlik sein, ik skriuw ek leauwer net foar De Moanne. San’n benaud rûntsje as dat is dêr.

  2. Pieter Pinne april 7, 10:59

    As Hiemstra ferhalen en fersen net goed fynt, wêrom ûnderbout sy har bewearingen dan net?

  3. Erwin april 9, 17:15

    Fan De Moanne ha ik ris in pear eksimplaren krigen. Wol in aardich blêd. Ik lês it no al in skoftsje, mar neffens my moat it oars. De fokus is sa bot op Fryslân. Dêrneist is it earme blêdsje inkeld mar ôfhinklik fan minsken dy’t wat tekst opstjoere. Wêrom net wat nijsgjirrige stikken oer earmoede yn Afrika, stikken oer de huzemerk en de kredytkrisis, wat te tinken fan al dy oarloggen fier fuort. Allegear dingen dêr’t de minsken wol de eftergrûn fan witte wolle. Tink ris oan de Elsevier of Der Spiegel. Dêr stean fan sokke tige nijsgjirrige berjochten yn fan trije/fjouwer siden. As De Moanne no ris begjinne soe mei de wichtichste ûntjouwingen (sels) te analisearjen en dêroer te skriuwen…..

    By De Moanne hoech ik it ek net om de taal te dwaan, in tredde fan de stikken binne yn it Nederlânsk. Dat is foar my dy typyske Fryske sleauwens. In Frysk blêd moat gewoan yn it Frysk, klear.

    Dêrneist ha ik my, lykas Klaske, fernuvere oer de dichtwurkjes yn dat blêd. Dichtsjen hat altyd al foar in rûnt west, always was, always will be. Ik lês se net, en ik tink ek net dat der in protte oare minsken binne dy’t dy dichtwurkjes lêze.

    Nee, fan dat oanbelanget bin ik wol wiis mei It Nijs. De nijsberjochten binne fergees, en binne net altyd fan Omrop Fryslân nivo. Dat wol net sizze dat ik it no perfoarst iens bin mei de kwaliteit fan alle stikken, mar dochs tink ik dat dit wol de massa lûkt. Soms mis ik ek wol ris ynformaasje by It Nijs, dy’t ik by suver alle oare nijssiden fine kin omdat dat tige wichtige artikels binne. Sil dit stikje ek efkes by Daam op ‘e side sette.

  4. Erwin april 9, 17:17

    In lytse rûnte bedoelde ik by alinea trije.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.