De Hânzehannel en skipfeart
Resint ferskynd
De Fryske Akademy organisearret yn gearwurking mei Bibliotheekservice Fryslân in fjouwertal histoaryske lêzings yn Fryske bibleteken. De lêste yn de rige fan fjouwer wurdt holden op tongersdei 15 april 2010 om 20.00 oere yn de bibleteek fan Harns. Dr. Hanno Brand – haad fan de fakgroep Skiednis en Letterkunde fan de Fryske Akademy – hâldt dêr dan in lêzing oer ‘De Hanze – handel en scheepvaart in de middeleeuwen’.
De Hânze wie in netwurk fan likernôch 200 stêden yn it Noarden fan it Dútske Ryk. Ek Nederlân hearde oant 1648 formeel ta dat Dútske Ryk en ús lân hie in tal belangrike Hânzestêden, wêrûnder de Fryske stêden Starum en Boalsert. Yn de lêzing giet Hanno Brand yn op it funksjonearjen fan it Hânzenetwurk, om sa de wichtichste karakteristiken fan de Hânze en de betsjutting foar Fryslân dúdlik te meitsjen.
Yntree € 5 foar kofje en tee. Opjaan de Bibleteek fan Harns.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje