Boekewike set oan ta mear keap

april 3, 2010 14:41

De 75-ste edysje fan de Boekewike hat lêzers oanset ta it keapjen fan mear boeken as yn de Boekewike fan it foarige jier. Dat die bliken út tongersdei publisearre sifers fan de stifting “Collectieve Propaganda van het Nederlandse Boek” (CPNB). It tal kochte Nederlânsktalige boeken tusken 10 en 20 maart lei 4,3 prosint heger as yn 2009.

Behalven mear boeken kochten leafhawwers ek djoerdere boeken. De omset fan de boekhannels gong  neffens it foarige jier mei 9,2 prosint omheech. De iepenbiere biblioteken skreauwen sawat achttûzen nije leden yn ûnder de jubileumedysje fan de Boekewike. De stifting CPNB, organisator fan de Boekewike, sprekt fan in boppeslach.

Direkteur Henk Kraima: ‘75 jier nei de earste Boekewike docht bliken dat it tal minsken dat graach in boek lêze wol, noch hieltyd oanwinne kin; dat jout betrouwen foar de kommende jierren’. It meast ferkochte boek yn de tiid fan de Boekewike wie it jubileumboek ‘Titaantjes waren we – Schrijvers schrijven zichzelf’. It wurk kaam yn in oplaach fan ien kear fan 50.000 stik op ’e merk.

De kommende Boekewike sil fan woansdei 16 oant en mei sneon 26 maart 2011 holden wurde.

april 3, 2010 14:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.