besunigings Boarnsterhim op Frysk
Resint ferskynd
In útgeande brief fan de Ried fan de Fryske Beweging
Oangeande: besunigings Boarnsterhim op Frysk taalbelied en Europeesk hânfêst
Achte gemeenterie fan Boarnsterhim, riedsleden,
Wy hawwe kundskip nommen fan de foarnommen besunigings yn jim Gemeente. Fansels begripe wy dat jim sa gau mooglik de finansjele problemen oplosse wolle. Lykwols, wy freegje jim omtinken foar de ombûgings dy’t jim Kolleezje fan B&W útstelt op it mêd fan de Fryske taal en kultuer yn jim gemeente. Alles wat der no noch oan Frysk dien wurdt driget te ferdwinen. Net allinnich spitich foar it Tomke projekt, foar de Afûk en dosinten dy’t Frysk jouwe, mar benammen foar de pjutten en bern sels, al dy minsken dy’t op frijwillige basis graach it Frysk leare wolle en fansels it behâld fan it stikje rykdom fan ús Fryske taal en kultuer. Wy binne ek fan miening dat dy besunigings net yn oerienstimming binne mei de ferskate hânfêstbepalings fan it Europeesk hânfêst foar Regionale talen en minderheidstalen.
Wy kinne jim ferwize nei de relevante hânfêstbepalings (artikel 8, ûnderwiis, sjoch http://konsultatyforgaan.nl/index.php?option=com_docman&task=doc_download&gid=2&Itemid=35), oangeande de lokale oerheden. It giet hjir dus om foarskoalsk ûnderwiis (Tomke), basisûnderwiis (fergoeding Frysk) en folwoeksene-ûnderwiis (Kursussen Frysk).
Wy hawwe begrepen dat der op dit stuit in situaasje is dat Boarnsterhim dwaande is mei in weryndieling. Neffens de bepalings yn it Europeesk hânfêst mei in weryndieling fan gemeenten of provinsjes perfoarst net te’n koste gean fan de minderheidstaal, yn dit gefal it Frysk (sjoch hânfêst, artikel 7, lid1b). En dêr liket no al sprake fan te wêzen. Yn dy sin, dat de gemeente dwaande is mei in saneamde ‘versnelde artikel 12 proseduere’ om de gemeente binnen in pear jier ‘skjin’ op te leverjen. Dat betsjut dat de finansjele problemen oplost wêze moatte, dat der mei oare wurden gjin tekoarten mear binne op it momint fan weryndielen. Om, mei oare wurden, klear te wêzen foar de oansteande weryndieling, wurdt der op in soad saken besunige lykas sport, bibleteekwurk, musykkorpsen mar ek it Frysk. En yn alle gefallen dat lêste kin yn ús eagen net neffens de ferdrachbepalings.
It giet ek net om hiele grutte jildbedraggen. Kursussen 2540 euro, Frysk op skoallen 2664 euro en Tomke mar 955 euro. Mar ek punt 47, subsydzje Boarnsterstim (lokale Omrop) kin dêrûnder rekkene wurde (siden 82/83). Sy brûke it Frysk in hiel soad, en krije fia de gemeente subsydzje fan it Ryk ‘trochskood’. Kêst 11 fan it Hânfêst (media) is dêrby fan tapassing.
Foar jim byld: ek yn de nij te foarmjen Súdwesthoeke-gemeente is in konvenant sletten tusken Ryk, Provinsje en de 5 besteande gemeenten dat it Frysk taalbelied by de weryndieling yn stân bliuwt. It Ministearje fan BZK set dêr heech op yn. Sjoch ek: http://www.fusiesudwestfryslan.nl/?pid=2&spid=89 .
Neffens de lêste ûndersiken fan de provinsje Fryslân praat sa’n 60-70% fan de befolking Frysk yn de gemeente Boarnsterhim. Neffens ús alle reden om it taalbelied net op te jaan, mar yn te setten op it behâld (en leafst fersterking) fan dit rike stikje kultuerguod.
Wy dogge in berop op jimme om it Fryske taalbelied yn jim gemeente yn stân te hâlden. Net allinnich foar de ynwenners sels, foar it learen fan de taal troch de lytse pjutten, beukers, mar ek om te foldwaan oan it Europeeske hânfêst.
Yn’t foar ús tank,
mei freonlike groetnis,
út namme fan it bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging,
Jaap van der Bij,
foarsitter
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje