Bern yn de Twadde Wrâldoarloch

april 11, 2010 10:40


Op sneon 17 april sil de hear A. Oost út Hoogeveen in lêzing mei powerpointpresintaasje fersoargje foar de Histoaryske Feriening Appelskea e.o. mei as ûnderwerp: Bern yn de Twadde Wrâldoarloch.

Dit jier is it 65 jier lyn dat de Dútsers har nei fiif jier brute oerhearsking en te’n koste fan tsientûzenen deaden, op 8 maaie 1945 oerjoegen.
Op 7 desimber 1941 begûn de Twadde Wrâldoarloch yn Azië. Op 9 maart 1942 waarden Java en Sumatra yn Nederlânsk-Ynje beset troch Japan. De Nederlânske boargers en harren bern kamen yn konsintraasjekampen telâne. In soad fan harren stoaren. Op 6 en 9 augustus, nei twa atoomoanfallen, kapitulearren de Japanners op 15 augustus 1945.

Wrâldwiid binne 55.000.000 slachtoffers te betreurjen, wêrûnder inkelde miljoenen bern.
Dizze groep wurdt spitigernôch (te) min oer praat. Dêrom sil hjir op de gearkomste fan de Histoaryske Feriening kommende 17 april mear omtinken oan jûn wurde: Bern fan fersetsstriders dy’t fusillearre waarden of omkamen yn konsintraasjekampen, bombardeminten wêrby’t âlden en bern it libben lieten, bern foaral yn it westen fan Nederlân dy’t stoaren fan de honger, tûzenen bern –ek tatebern- dy’t op grouwélige wize fergasse waarden yn de gaskeamers fan de ferneatigingskampen of brûkt waarden foar medyske eksperiminten.

Mei ûnderdûken rêden de bern it libben der faak wol ôf, mar eangst, spanning en ferlittenheid spilen faak in grutte rol. Leafdefol opheinen troch de ”ûnderdûk-âlden” wie fan grut belang. In protte bern waarden lykwols ferret en oppakt.
De middei op sneon 17 april yn de Hoolten Klinte, Bosberg 1 te Appelskea begjint om 14.00 oere.

april 11, 2010 10:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.