België yn patstelling

april 29, 2010 15:09

BRUSSEL – De Frânsktalige partijen yn België hawwe hjoed mei in saneamde “alarmbelprocedure” de stimming oer it opdielen fan it kiesdistrikt Brussel-Halle-Vilvoorde fan ‘e wurklist helle. De proseduere makket it mooglik om in wetsfoarstel tritich dagen op te skowen.

De Nederlânsktalige partijen besykje no om op in oare manier wettige ferkiezingen mooglik te meitsjen, bygelyks troch ynearsten foar ien kear ferkiezingen mei in opsplitst kiesdistrikt mooglik te meitsjen. Ferkiezingen yn it hjoeddeiske Brusse-Halle-Vilvoorde binne troch in rjochterlike útspraak net mear rjochtsjildich. Oft de Frânsktaligen dat ynskikke, wurdt yn de rin fan ‘e dei dúdlik.

april 29, 2010 15:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.