Ynboargeringskursus
Resint ferskynd
Wy sieten yn it buerthûs te spultsjes dwaan. It wie drok, allegear minsken dy’t mei VUT of mei pensjoen wiene, of gewoan net wurkje om hokker reden dan ek.
Ik wie oan ’t damjen mei in Russyske frou, dy’t hjir al in skoftsje wennet. Se kin ek Ingelsk, dat wy rêde ús wol.
Sy wie mei de ynboargeringskursus dwaande. Se wol graach yntegrearje, want dat is geselliger.
Mar dy kursus wie sa dreech, sei se.
“Witte jo wat in divider is?”, frege se my.
Ik wist it net.
“Dat is dat ding datsto op de bân fan ’e kassa lizze moatst. Do skiedst dêr dyn eigen boadskippen mei fan dy fan de klant dy’t nei dy komt. Divide, dat betsjut ferdiele.
“O”, sei ik, “wer wat leard.”
“Witte jo wat jo meinimme moatte as jo by ien op ’e kofje komme?”, begûn se wer.
“Eh… in blomke?”, tocht ik mei.
“Nee, fleis”, sei de frou.
“Eh ju”, sei ik. “Doch normaal. Hoechst hielendal neat mei te nimmen. Asto wer nei hûs ta giest, seisto: Kom mar ris om it werom te heljen. En dan seit de gastfrou: Komt klear. Oars kin it net út, no.”
“Stiet yn de ynboargeringskursus, hear”, sei de Russyske frou. “Mar ik begjin no wol wat te twiveljen.”
Omdat ik ek wat twivele, liet ik myn soan, dy’t rjocht studearret yn Grins, de ynboargeringskursus fan it ynternet ynfolje. Hy fûn it in machtige kursus. Mar hy hie him mei in 5,4 krekt net helle.
Spitich. Yntegrearje is ek sa ferskriklike yngewikkeld foar in gewoan minske.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje