Yn it begjin wie der nimmen

maart 12, 2010 11:41

Kulturen hawwe mear mei elkoar mien as it polarisearjende debat witte wol.

Wêr komme wy wei? Wa wiene de earste minsken? Hoe komt it dat der manlju en froulju binne? Ferhalen oer it begjin ûntstean út wêzenlike fragen en yn alle kulturen hat it hoe en wêrom fan it begjin fan it minskdom in rike boarne fan fassinearjende ferhalen oplevere, dy’t frijwol nimmen ken. Der is net allinnich in protte oandacht foar de fraach wêr’t wy wei komme – út de himel, út de ierde of út in aai, bygelyks. Of wêr’t de goaden ús fan makke hawwe, fan harren eigen swit of sied, fan goud of fan hout, of fan teeblêden, ensfh. Yn dy ferhalen is ek in opfallende protte oandacht foar sekseferskillen. Gjin wûnder! De ierde is leech en der moat neiteam komme. Mar hoe komt men as minske oan seks-ark en oan in twaddehelte? Twingende fragen – doe en no.

Troch de skiednis hinne hawwe seks en seksskaaimerken in ûnútputlike boarne west foar grappen of anekdoates, mar se hawwe rûnom ek ta yntrigearjende genesis-ferhalen ynspirearre. Dêryn wurde de oarspronklike diminsjes fan it machtige manlike oerlid soms foarsteld as grutter as de oaljefanteslurf. Dat der no noch mar in fraksje  oerbleaun is, komt troch de earste frou, is de suggesje. Sûnder har soe de manlike seksuele enerzjy einleas bleaun wêze.

Ien fan de meast basale nedichheden foar it fuortbestean is potinsje. In protte myten oer it begjin wjerspegelje deselde nijsgjirrichheid nei seks as de hjoeddeiske ereksjeyndustry. En tagelyk  litte se deselde eangst foar ympotinsje foar it ljocht komme. Sjoch mar nei de treurige boadskippen dy’t ús spamboks geduldich opheint:
“Upsize your manhood.” “Increase your love gun.” “Live like a king with your giant rod.” “Say NO to being small-sized loser.” “Mega-huge dimensions for you.”

Der is gjin nijs ûnder de sinne. Sûnt minskeheugenis hawwe mannen planten of woartels slynd en opfretten of oare ‘viagra’s avant la lettre’. Nim de folgjende oanbefelling: ‘Wurdt geil, reitsje pystich, krij in ereksje as in wylde bolle… Dy âlde Mesopotamyske oanspoaring soe net misstean tusken hjoeddeiske ‘spam’. It stiet op in yn Irak fûn klaaitablet fan sa’n 3000 jier tebek, en tsjinne as formule om hekserijoanfallen op manlike teare dielen ûngedien te meitsjen.

Rûnom yn de wrâld ûnderfine minsken deselde emoasjes, fan gelok oant fertriet en soarchlik ompakken, en dy werkenbere emoasjes fine wy werom yn har ferhalen oer it begjin, dêr’t in ôfgryslike protte eangst in rol yn spilet, eangst foar mysterieuze froulike holten dêr’t  kwetsbere manlikheid oan útlevere wurde moat. Seks is riskant foar de man, seit de faak werhelle warskôging, wylst foar it perspektyf fan de earste frou en har eangsten hielendal gjin oandacht bestiet. 

Dizze boadskippen út ûnbekende kulturen komme ús frjemd genôch bekend foar, se resonearje yn de hjoeddeiske mienskip. Kultueren diele mear mei elkoar as it polarisearjende debat witte wol. As manlju en froulju mear each foar elkoars eangsten en ûnwissichheden hawwe en minder fiksearre binne op seksuele prestaasjedrang, sille hiel wat partners langer en lokkiger mei elkoar libje.

Oer dizze ferhalen giet Mineke Schippers nije boek:  “ In het begin was er niemand. Hoe het komt dat er mensen zijn?”

maart 12, 2010 11:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.