Wurde wy ûnderwâde?
Resint ferskynd
Eartiids libben yn ’e Kaukasus de Ubychen, in nomadefolk. Under Russyske presje begûnen har 150 jier lyn oare folken as boer yn harren gebiet te fêstigjen. Doe gongen de Ubychen nei Turkije, dêr’t se har oanpasse moasten en har taal ferlearen.
Sa is it yn ’e skiednis al hiel wat folken fergien en it is dus gjin wûnder dat it sterke emoasjes opropt as jins wengebiet linkenoan troch oare groepen oernommen wurdt. En dat is wat wy yn ’e ôfrûne jierren sjen kinnen hawwe yn ’e folksbuerten fan gruttere plakken.
Soks kin de ferskriklikste gefolgen hawwe, lykas it heine ferline leart. Neist in goede yntegraasje sil dêrom tocht wurde moatte oan freedsume middels om de druk op Europa’s grinzen te ferminderjen.
Pyt
Freedsume gedachten oer frjemdlingen kinne ek helpe. Bygelyks: Yn in oar lân binne wy ek frjemdlingen.