Worlds of One Wall los fan 4-Wall

maart 20, 2010 11:54

De mooglikheid bestiet dat de wrâldkampioenskippen One Wall Handball loskeppele wurde fan it Worlds toernoai dat 3-jierliks organisearre wurdt troch de World Handball Council (WHC). It wrâldkampioenskip soe dan 2 jierliks spile wurde. Troch it One Wall toernoai los te keppeljen fan it 3-jierliks WHC-toernoai wurdt it ek oantreklik foar lannen dêr’t gjin 4-wall spile wurdt om it One Wall kampioenskip te organisearjen. One Wall kommissaris Howie Eisenberg hat yn de jannewarisgearkomst fan de USHA mei súkses in moasje fan dy strekking yntsjinne. De USHA is tegearre mei it Ierske keatsbûn de grutste spiler binnen WHC. Dêrneist binne de folle lytsere Kanadeeske en Australyske keatsbûnen folweardich WHC-lid. One Wall Handball stiet wyls yn hast 20 lannen op de aginda en dat oantal is noch altiten groeiende.
Boarne: http://www.muurkaatsen.nl/

maart 20, 2010 11:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.