Woods net wiis mei himsels

maart 22, 2010 16:22

A’dam – Tiger Woods jout himsels oer de lea yn in fraachpetear oer syn seksferlaving. De golfer hat himsels raar te fiter hân en is fernuvere oer wat der allegear by de ein hie.

“Ik wist net dat ik sa’n minne fint wie. Myn libben wie ien grutte ligerij”, sei Woods snein tsjin de Amerikaanske sportstjoerder ESPN.
“It wie in smoarge griemerij”, sei er deselde deis yn in fraachpetear mei The Golf Channel. Woods fertelt oer de behanneling foar syn seksferslaving.

“Ast in dei as 45 yn in klinyk sitst, dan learst in hiel soad. De ûntkenning en it selsbegrutsjen setst fan dy ôf en dan hast de wierens foar de fuotten. Dy wierens giet my dwers troch alles hinne. Ik haw in ferskuorrende ôfgriis fan de persoan dy’t ik wurden bin.

Siik
“Der binne in protte aaklike dingen bard en ik haw behoarlik minne streken hân”, jout wrâlds bêste golfer fierder op himsels ôf. De sporter seit dat er net wit wat syn djiptepunt yn ‘e ôfrûne tiid wie. “Ik haw sa’n protte ferkearde dingen dien. Krekt as ik tocht dat ik net leger sakje koe, seach ik wer in wize om mysels noch fierder te ferleegjen.

Meditearje
Neffens Woods is de ferklearring fan syn gedrach te sykjen yn it weifallen fan syn eigen noarmen en wearden. “Ik stoppe mei meditearjen en it Boedist wêzen. Op dat stuit is myn libben omslein. Ik miende dat ik rjocht op saken hie, dêr’t ik nea earder by stilstien hie.” De golfer is drok dwaande om himsels wer op it rjochte paad te krijen. “Ik wit dat in better persoan wurde moat en soks begjint mei terapy.”

maart 22, 2010 16:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.