Siswurden en seiwurden
Resint ferskynd
Sis- en seiwurden binne de smaroalje fan in taal.
Efkes hoechst net sels te betinken hoe’tst it formulearje silst.
Efkes wurdt dat oernommen troch dyn âlden en foarâlden, dyn âlde muoikes en myn âlde buorfrou.
Want dy lêste hat, alle kearen as se wer in siswurd hearde of lies, dat yn in dik skrift opskreaun.
Alle seiwurden krigen ek in plak.
Seiwurden binne in boartlik soarte fan sprekwurden: “Fisk moat swimme, sei de fiskboer en hy smiet syn karre yn it Lemster Dok.”
Se hjitte seiwurden omdat der altyd achter it sprekwurd oan, ien wat seit en der dêrmei in aparte draai oan jout.
“No meisto se jûn net allegear tagelyk trochlêze”, sei myn âlde buorfrou. Sy ken my al langer no. “Allinnich ast der wat oer skriuwe wolst, en oars net. En in krúske sette ast der ien hân hast, oars witsto dat op it lêst net mear. En soest earst net noch efkes nei it toilet gean foar datsto nei de trein giest?”
En har namme mocht ik net sizze.
Ik sil mar gewoan dwaan wat sy sei. Sy is âlder en wizer as my. Sa no en dan sil ik jim foarlêze út it skrift fan myn âlde buorfrou.
En it sprekwurd fan hjoed is:
De stimmen wurde wol teld, mar net woegen.
Hat buorfrou no neat mear, Klaske?