Nijs út Ierlân

maart 12, 2010 20:49

1. Taal jout mooglikheden yn Sina
It berjocht dat Sina op ien fan ’e universiteiten fan Beijing it Iersk yn it programma opnommen hat, is tige goed nijs op taalkundich en ekonomysk mêd foar Ierlân.

Irish Examiner, 22 febrewaris

2. Op 22 febrewaris 2010 is fan It Hof fan Appèl yn Noard-Ierlân easke om it 270 –jierrich ferbod fan it Iersk yn prosessen yn it Noarden op te heffen.

The Irish Times, 23 febrewaris

3. Talittingstest “unfair” foar Ierskpraters
De kommissaris foar de Ierske taal hat sein dat dyjingen dy’t floeiend Iersk prate yn it neidiel binne by it “English only” foar studinten om talitten te wurden ta de stúdzje medisinen

The Irish Times, 2 maart 2010.

4. De opkomst fan de memmetaal
In resint rapport dat opsteld is troch ûndersikers fan de Universiteit fan Ulster en de Universiteit fan Limerick konkludearje dat it Iersk de “taal fan de elite” wie yn dit lân, mei sprekkers dy’t in heger ynkommen hawwe as de oaren.

Mayo News, 8 maart

5. Publikaasje fan juridysk boek yn it Iersk
De kommissaris foar de Ierske taal is tige ynnommen mei in boek dat in oersjoch jout oer rjochtssaken en oer resinte wetjouwing yn it Iersk as “in weardefolle boarne” foar studinten yn ’e rjochten en wa’t de Ierske taal yn it rjocht brûke wol.

The Irish Times, 9 maart

I love Fryslân on Facebook
maart 12, 2010 20:49
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Lútsen maart 13, 11:45

    Iersk, taal fan de elite? Staaltsje fan omkearing fan de wierheid. As in frjemde, opleine taal mar lang genôch oerhearsket, siperet er fansels troch nei de ‘ûnderste’ lagen fan in folk. In boppelaach dy’t de âlde taal dêrnei wer opkriget, hat alsa kâns dat him dit ferwiten wurdt.
    Stiet ús dat yn Fryslân skielk ek te wachtsjen? Hja dy’t it Frysk goed skriuwe en prate kinne, sil ‘elitêr hâlden en dragen’ ferwiten wurde? Wat in ‘chotspe’.

  2. Lútsen maart 14, 22:55

    Mar by it sljochtweihinne folk, de ‘ûnderste’ laach fan de Friezen, hat it Frysk dochs nea útstoarn west? It gewoane folk is de eigen taal nea kwytrekke, is dêr trou oan bleaun. En yn Ierlân is de útroeging fan it Iersk ommers folle ‘djipper’ gien. Is ‘t net sa? Mei dy frjemde, opleine taal bedoelde ik it Ingelsk. Dat wie ek de taal wurden fan de Ierske elite, krektlyk as by ús it Frânsk en it Hollânsk elitetaal wie. Of fersin ik my? De measte Ieren fan ienfâldich kom-ôf kinne de âlde taal net mear prate, sa bot is dy taal (en it folk) ferhûddûke troch de Ingelsen. Troch skamte (wêr sjogge wy dat mear, krekt, by ús)ha de âlden harren prachtige taal net mear trochjûn oan de bern. Der binne oerienkomsten mei Fryslân.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.