In boekje oer ms

maart 1, 2010 12:01

Yn Súdwolde yn Drinte wennet Ineke Smid-Otten.
Har boek ‘De diagnose is gesteld, ms en dan? Hoe ga je dan verder?’ beskriuwt it learproses dat in minske gean kin as er te hearren krijt dat er ms hat.
Foar Ineke wie de diagnose gjin ferrassing. Sy fielde al folle langer dat der wat mis wie.
Sterk as se is, hat se har sykte op sa’n wize ferwurke dat oaren der ek wat oan ha kinne.
Smid-Otten beskriuwt har libben oant no ta en stelt neist de sykte hieltyd har manier om dêr sa goed mooglik mei om te gean.
As lêzer sjochsto it groeiproses fan libbenskeunstner Ineke.
Sy makket dúdlik hoe’t in minske sterk wurde kin troch tsjinslach, en ek hoe’t it leauwe in minske dêrby helpe kin.
Ineke hat in fenomenaal ûnthâld foar stypjende wurden út de Bibel, bygelyks fan Henri Nouwen.
It boekje De diagnose is gesteld, ms. En dan? Hoe ga je dan verder? is te bestellen by de skriuwster fia e-mail:
ineke.smid-otten@planet.nl. De priis is € 12,50

maart 1, 2010 12:01
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Ineke Smid-Otten maart 2, 10:09

    Klaske heeft, samen met anderen, actief meegeholpen bij het tot standkomen van mijn boek. In het hoofdstuk: Tot slot, noem ik hun namen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.