Henk Keizer kertiermakker

maart 12, 2010 14:08

Henk Keizer wurdt de kertiermakker dy’t lieding jaan sil oan de tariedingen foar Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018. Hy sil 1 juny o.s. yn tsjinst komme fan de meikoarten foar de kandidaatstelling op te rjochtsjen Stifting, neffens it beslút dat yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten op 7 novimber 2009 nommen is. In seleksjekommisje hat advisearre; dêryn hiene sit Siem Jansen, earder Fryske deputearre en no direkteur fan de NOM, Ira Judkovskaja, artistyk direkteur fan Tryater en Klaas Jansma, skriuwer/presintator/útjouwer PENN Communicatie. Der wiene mear as 30 kandidaten.

In koarte yntroduksje fan Henk Keizer: Henk Keizer wurke de ôfrûne fiif jierren by de Stichting Vrede van Utrecht 2013, dy’t (mei) warber is oan de kandidatuer fan Utert as Kulturele Haadstêd fan Europa. Fan de oprjochting ôf wie er saaklik lieder en sûnt 2008 projektlieder fan it kultureel program Zomer van Utrecht, in program dat kultureel erfgoed en it lânskip as boarne fan ynspiraasje hat en dat lânskip ek as presintaasjeplak kiest. De ferhâlding stêd en it lânskip dêromhinne nimt dêrby in foarnaam plak yn.

Wat de wurkwize fan Henk Keizer skaaimerket, is dat er keunst en kultuer ferbynt mei saken dy’t yn de maatskippij libje en dêrby gearwurkingspartners siket bûten it kultureel mêd. Dat waard ek sichtber yn de projekten fan teaterselskip Dogtroep, dêr’t er fan 1999 oant en mei 2004 saaklik direkteur fan wie en dêr’t er ferskate projekten mei produseard hat, sawol yn it bûtenlân (Servië, Ruslân, Súd-Afrika en België) as yn Nederlân. Fan 1996 oant en mei 1999 tekene hy foar de saaklike lieding fan it Oerol Festival en wurke er mei artistyk lieder Joop Mulder oan de transysje ta in liedend lokaasjeteaterfestival yn Nederlân. Henk Keizer (52 jier) is hikke yn East-Nederlân en wennet sûnt fyftjin jierren mei syn freondinne Sue Wiggers op Skylge.

maart 12, 2010 14:08
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
    As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.