Ferdwynt Fryslân?

maart 24, 2010 20:12


Groenlinks wol yn syn nijste program besunigje op ’e provinsjes. Dy moatte dan mar gearfoege wurde, yn ús gefal grif ta it Noarden. It fryske Grienlinks moat syn Haachske maten mar gau korrizjearje, want dy komme hjir mei op in delrinnend flak, wat ta in brek mei Nederlân fiere kin.

Sjoch, Nederlân is de lêste fyftich jier mei syn tolerânsje foar de Friezen in folle better plak wurden. Ta in folle lykberjochtiging yn ’e praktyk is it lykwols noch net kommen. De provinsje Fryslân is de oanwiisde bestjoersrûnte om dat te foltôgjen. As no krekt dy rûnte fuortbesunige wurdt, is dat in teken fan apeleafde. It yn stân hâlden fan in allinne kulturele provinsje is ek net genôch: de lykberjochtiging moat oer it hiele fjild ta stân komme.

Pyt

Sjoch: http://www.nd.nl/artikelen/2010/maart/22/groenlinks-wil-flink-bezuinigen

maart 24, 2010 20:12
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. mbc84 maart 24, 22:49

    Tolerânsje foar de Friezen? Se ha’ ommers noch altiten de gek mei ús en it Frysk ensfh… Welke Fries makket dat no net mei at je Frysk prate bûten Fryslân?! Boppedat witte Hollanners hjoeddedei mear fan de nije ymmigranten as fan ‘e Friezen.. It leit him dêryn al besletten dat it harren gjin donder skele kin hoe’t it der mei Fryslân en it Frysk foar stiet..

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.