Digitale frats teaterkrante

maart 31, 2010 10:12

Út de digitale nijsbrief fan:

De takomst fan it Fryske Amateurteater

weromsjoch 27 maart

Ofrûne sneon wie ûnder de ynspirearjende lieding fan Gerard van der Veer, it debat oer de takomst fan it amateurteater.
Oan de hân fan 5 stellingen gongen 20 minsken meielkoar yn debat oer de needsaak fan it ‘amateurteater yn de basis’. It Kolleezje fan Advys fan frats,  (bestiet út bestjoerders fan Staf, Stuft, Ifat, Tryater en de adviseurs fan frats) hat in boekje útjûn dêr’t in byld yn sketst wurdt fan de skiednis, it no en advizen foar de takomst fan it amateurteater yn Fryslân. It boekje wurdt ferspraat by de regionale polityk en de polityk yn de provinsje. It Kolleezje jout hjirby foarm oan har soarch oer de gefolgen fan de besunigingen yn it amateurteater yn Fryslân. De debaters fan ôfrûne sneon; teatermakkers, bestjoerders en meiwurkers fan de Sintra foar de Keunsten wienen it iens oer de ûnmisberens fan de amateurteaterkeunsten yn Fryslân.
Ek foar oare belangstellenden is it boekje, salang ’t der foarried is, te bestellen by frats@keunstwurk.nl 

Prymgefallen

Watst diele kinst, wurdt makliker

 

Yn it ramt fan de coachingsprojekten wurdt, yn gearwurking mei Tryater, de premiêre fan  Prymgefallen, spile op freed 2 april 2010 om 16.00 oere yn it ‘Huis voor de Amateurkunst’, Wissesdwinger 1, Ljouwert.  Anne Zijlstra wurdt by it meitsjen fan de foarstelling coacht troch Inès Sauer. Anne makket de foarstelling mei de winners fan de Kunstbende 2009.  Foar mear ynformaasje en spyllist.

Himmelskoft Achkarspelen

 

De repetysjes foar it Himmelskoftprojekt yn Achtkarspelen binne út ein setten.
Op peaskemoandei 5 april is der in iepenbiere repetysje. Lês mear.

Stikkemerk

24 april om 15.00 oere yn De Lawei yn Drachten

   

Toanielselskippen sykje nij repertoire. Toanielskriuwers sykje nije útdagingen. Op de stikkemerk wol frats by de ôfsluter fan ‘It Brûst’ fan Tryater yn De Lawei yn Drachten toanielploegen mei nije stikken yn kontakt bringe en skriuwers mei ‘nije’ toanielploegen. Der sil in grut ferskaat oan nije stikken wêze, oersetten en oarspronklik Frysk fan de Stuft of as manuskript.

 

Jo kinne yn ‘e kunde komme mei skriuwers dy’t ree binne om foar it Fryske amateurfjild in stik te skriuwen.

Fierders binne der koarte ynterviews mei Fryske toanielskriuwers en is de dramaturch fan frats oanwêzich foar advys oer repertoire en subsydzje. Sykje jo in nij stik, of in nije skriuwer, kom dan op 24 april nei de stikkemerk yn De Lawei.
De stikkemerk is frij tagonklik.

 

Foarôfgeand, om 14.00 oere, is de foarstelling Dixi fan Tryater, oanslutend is om 17.00 oere de foarstelling Moof fan Tryater; om 20.00 oere de foarstelling Diplodocus Deks fan Tryater en nei ôfrin feest!!! Sjoch foar mear ynformaasje en opjefte foar dit unike barren op www.tryater.nl of belje mei Tryater op 058-2882335.   

Nijs fan Tryater 
   

Maitiid 2010, 9 plakken yn Fryslân, meardere dagen, 3 foarstellingen foar alle leeftiden: Diplodocus Deks, MOOF en Dixi (4+), én in râneprogrammearring. Sjoch foar it programma op www.tryater.nl

maart 31, 2010 10:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.