Demokratysk effekt O.S

maart 25, 2010 19:53

Topman Google: Sensuer naam krekt ta nei de Spullen.

Sawol op it mêd fan sensuer as saaklik waard it nei de Spullen hieltyd dreger operearjen yn Sina, seit Sergey Brin, mei-oprjochter fan Google, yn in fraachpetear mei de Wall Street Journal.

Foar de yn de Sovjet-Uny berne en mei syn âlders nei it Westen flechte  Brin binne de totalitêre trekjes fan it Sineeske rezjym net te fernearen. Hy seit tsjin de krante dat wat him heucht fan dy tiid – de húsbesiken fan de polysje, de anty-semityske diskriminaasje dêr’t syn heit ûnder lit hat – reden wiene om stelling te nimmen tsjin de Sineeske oerheid. Dizze wike makke Google bekend dat se de sykresultaten fan de Sineeske ferzje net mear sensurearret. De syktsjinst wurdt no foar in part streekrjocht troch de Sineeske steat filtere.

Foarich jier lei de Sineeske oerheid al nije restriksjes oan Google op, omdat der tefolle ‘pornografy’ yn de sykmasine sitte soe. YouTube, eigendom fan Google, waard  totaal blokkearre. Sina die ek in ynbraak yn de systemen fan Google om ynformaasje oer dissidinten te bemachtigjen. Dat wie foar Brin in drip te folle.

Yn Nederlân waard yn 2008 ûnder oare troch kabaretier Erik van Muiswinkel protestearre tsjin de Olympyske Spullen yn Sina. Dy krityk waard parearre mei de bewearing dat de Spullen de demokrasy yn Sina krekt begeunstigje soe. Yn de oanrin nei it mega-evenemint waarden yndied beheiningen opheft. De ûnderfiningen fan Google befêstigje de freze dat it mar om de moaiskyn te dwaan wie.

maart 25, 2010 19:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.