Aksje FFG by Boeke-BOLsert

maart 10, 2010 08:21 Fernijd

By it boekefeest Boeke-BOLsert is de Frije Fryske Grûn (FFG) sneontejûn yn aksje kaam. Doe’t, oan it begjin fan it jûnsprogram, de skriuwer fan de Nederlânsktalige roman  ‘De Republyk’ (2009) foarlies, stode in groep manlju fan de FFG mei bivakmûtsen de seal yn en struide pamfletten rûn. Op de pamfletten stienen sitaten fan Fryske foaroanmannen oer selsbestjoer foar Fryslân.

Oanlieding fan de aksje wie de te grutte Hollânske ynfloed op it Fryske boekefeest, sa grut dat de Fryske skriuwer net genôch oan bar komt. De groep fynt it Boeke-BOLsert op himsels wol in goed inisjatyf, mar fynt it befoarderjen fan de Fryske kultuer mei dit program net fan tapassing.

maart 10, 2010 08:21 Fernijd
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Erik maart 11, 22:18

    Wy wolle no ek de foto’s sjen!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.