Winners

febrewaris 15, 2010 17:07

Begjin tachtiger jierren joech ik Nederlânske les op it CIOS yn it Hearrenfean.
Dat wie in gesellige boel.
Foppe de Haan fertelde sterke ferhalen tusken de middei, Hans Westerhof liet sjen hoe’tst tûzen kear heechhâlde koest en Henk Gemser helle dan foar ús allegear in lekker waarm kroketsje. Och, elkenien makket wol ris in faux pas. Asto der letter mar op werom komst, no.
Yn dy tiid hiest ek hiel izige winters, dat Tjaard Kloosterboer hie foar my skema’s makke dat ik yn alle gefallen op tiid foar de klasse stean koe, want ik moast hielendal mei de auto út Hoogeveen komme.
Op in iis- en iiskâlde freedtemoarn wie ik dan dochs te let.
Ik stoarme de kantine yn en rôp, bliid dat ik de wier net te beriden diken fan Drinte en Fryslân oerlibbe hie: “Kom mar gau, jonges, it kin noch moai even.”
Elkenien bleau sitten. Ik krige it idee dat ik de iennige dêr wie, dy’t Nederlânsk in geweldich fak fûn. Mar sa wie it net, miskien.
De direkteur kaam nei my ta en flústere my yn it ear: “Dochst it ferkeard. Moast sizze wêrom oftsto sa let bist, want dat snappe se net.”
Dat snapte ik dan wer net, mar ik makke in bûging nei myn groepke en sei: “Sorry hear, ik koe net troch de snie hinne komme. It skema doocht wol, mar it waar hâldt him der net oan.”
Doe kamen de CIOS-learlingen fan groep 1b oerein en skellend en protteljend gongen se mei my nei in leechsteand lokaal om te learen hoe’t in sporter keurige ferslaggen meitsje moat.
Ik haw dêr in soad leard, op it CIOS tusken de winners fan doe en no.
Wurdst folle blider fan dingen dêr’tsto goed yn bist as fan dingen dy’t no ien kear moatte, om it jild, of omdat it no ienkear sa is of it moat en do doarst it net oan om dyn eigen sin te dwaan.
Kinst never never noait in winner wurde ast net topsport op it eigen mêd bedriuwst.

febrewaris 15, 2010 17:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.