Uruzgan yn de gemeente

febrewaris 18, 2010 20:27

Yn ’e 2e keamer en yn it regear wurdt drok tsierd oer it trochgean fan ús militêre oanwêzigens yn Afghanistan. En it liket der sterk op dat de partijen dêrby rekken hâlde mei de kommende ferkiezings op 3 maart.

Mar wa’t dêr neffens stimt, kin raar te pal komme. It binne ommers ferkiezings foar de gemeenteried en de stimmeferhâldings yn ’e 2e keamer feroarje der net troch! It kin sels as gefolch hawwe dat in goede wethâlder opstappe moat of dat in minnen ien sitten bliuwt.

Men soe hast ferbiede wolle dat de lanlike partijnammen by de riedsferkiezings brûkt wurde. Dat soe de pleatslike polityk ek wolris folle ûnôfhinkliker en oantrekliker meitsje kinne. Mar yn ’e measte beskaafde lannen skynt dat dochs al sa te wêzen.
Pyt

febrewaris 18, 2010 20:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.