Trochdonderje mei dy weryndieling
Resint ferskynd
Mei foarbygean fan de beslútfoarming yn de Twadde en Earste Keamer is de troch de bestjoerders fan de 5 weryndielingsgemeenten al in siktaris beneamd. Der wurdt blykber fan útgien dat men de Keamers yn de bûse hat.
Sa fan as wy nou mar genôch saken al fêst sette, dan kinne de Keamers dizze weryndieling net mear weromdraaie.
It seit fansels wol it ien en oar oer de mentaliteit dêr’t dizze weryndieling mei trochset is. Dúdlik “oer jim en net mei jim”. Sels oer de Keamers hinne. It seit wol wat oer it demokratysk gehalte.
Ek al leit der no al hiel wat fêst en soe it hiel wat drokte te jaan om sa’n weryndieling út te stellen of te feroarjen, dan noch soe men it foar de ynwenners fan dizze gemeenten hast winskje. De gemeentlike útkearing wurdt leger; wat grutter de gemeente wat mear amtners de ynwenners en boppedat hat ûndersyk útwiisd dat benammen de earste jierren de kosten tige heech binne fan sa’n weryndielings proses. Komt dêrby de besunigings, dy’t der foar de gemeenten oankomme, dan sjocht de saak der foar dizze nije gemeente net sa florissant út
Geeske Krol
Tsja, hjir moatte de bewenners fan dy fiif gemeenten aksje tsjin fiere. En net samar aksje, mar spikerhurde aksje! Oars begrypt de sabeare elite fan Súdwest-Fryslân it net.
ik bin bang dat dy grutte gemeenten neat oplosse.
it giet krekt as mei de skoallen ,grut wie de slogan ,mar no sjocht men yn dat der mear nei-dan foardielen oan sitte
as men de polityk ticht bij deboargers hâlde wol,is der mar ien oplossing,gearwurkje wêr ‘t soks kin en fieder in protte taken bij de doarpen sels del lizze en har dêrbij de sinten jaan om taken ut te fieren nei tefredenheid fan it gemeentlik bestjoer.
Sûnt juster witte wy dat de Twadde Keamer it wetsfoarstel net kontroversjeel achtet. It is saak om no de Keamer fûleinich mei beswieren te bestoarmjen, ear’t it te let is. It soe ivich skande wêze as dizze weryndieling trochgiet. It gebiet is te grut, de ferhâldings yn de provinsje komme skeef te lizzen en der komt by eintsjebeslút minder jild út De Haach as no foar de fiif gemeenten mei-inoar betelle wurdt. De weryndielers tinke har ryk te rekkenjen, mar it pakt oars út. Dat sil harren altyd neidroegen wurde. Dat sil de bedoeling net west hawwe, mar dat kriget men as men yn ferkearde, domme slogans leaut, lykas ‘Grut is better’ en ‘Wat grutter it gebiet, wat lytser de ôfstannen’.
Yn Wûnseradiel ha se okkerdeis al in aksje op gong brocht om brieven nei de keamerleden te stjoeren. Dêr kinne wy fansels mei trochgean.
en wa bepaalt der wer dat soks kontroversjeel is? krekt, de hearen fan ‘e Twadde Keamer, it binne net de Friezen sels dy’t der oer bepale meie… Hoefolle Friezen sitte der yn ‘e Twadde Keamer, stik as 5, 6?