Ten Hoeve eareboarger Ljouwert

febrewaris 6, 2010 15:31

PvdA-riedslid, âld-ûnderwizer en stedskenner Hendrik Ten Hoeve is freedtejûn ta eareboarger fan Ljouwert beneamd. It eardere PvdA-riedslid ferstoar yn desimber thús nei’t er fan de trep fallen wie. Hy hat 35 jier yn de gemeenteried sitte en hy makke him op tal fan oare terreinen foar de stêd fertsjinstlik.

Tagelyk mei de takenning fan it eareboargerskip is yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HSL) in eksposysje oer it wurk en libben fan Ten Hoeve iepene. Oare eareboargers fan Ljouwert binne de âldboargemaster Johannes Brandsma en John te Loo.

febrewaris 6, 2010 15:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.