Skylearaars moatte Frânsk diploma ha

febrewaris 26, 2010 23:38

Skylearaars yn Frankryk moatte in Frânsk diploma ha. Dêr kamen twa Belgyske ynstrukteurs ferline jier achter. Sy waarden arrestearre doe’t se in ploech Flaamske jongelju learden hoe’t se op ‘e latten stean moasten. De Gazet van Antwerpen meldt hjoed dat de Flaamske oerheid berop oantekene hat tsjin de arrestaasje.

Yn july fan dit jier wurdt België EU-foarsitter. Flaamsk parlemintslid Peter Gysbrechts wol dat België dan wurk makket fan de lykskeakeling fan sportdiploma’s. Hy neamt it “ongelofelijk” dat de arrestaasjes yn in feriene Europa mooglik binne. Se ha der nammers ta laat dat Flaamske organisatoaren fan skyreizen dit jier harren aktiviteiten yn Frankryk skrast ha.

febrewaris 26, 2010 23:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.