Roppich

febrewaris 25, 2010 09:35

De earste kear dat ik hearde dat in minske roppich wêze koe, wie op in bestjoersgearkomste fan it Skriuwerboun yn 1998. Baukje Miedema hie grouwe koeken meinommen omdat se oars it jûnsmiel net helje soe fan roppigens.
Feitliken betsjut roppigens datst earne sin oan hast, yn dit gefal oan koeken.
Baukje har ûnderfining wie dat koeken it sin oan iten net bedjerre.
Dat jildt net foar elkenien.
Der binne ek minsken dy’t allinnich al mei tsjinsin sa’n koeke behoffenje omdat it it plak ynnimt fan sûn iten.
Der binne sels minsken dy’t sa ferantwurde ite dat it in ôfgriis is.
Dat skynt ek hielendal net sûn te wêzen.
Sûn is ite sa’t Baukje it die.
Mei wille ite, libje, boartsje, dûnsje, ensafuorthinne, omdatst der gewoan sin oan hast.
En dat jildt fansels foar alles datsto mei wille dochst.
Foar wat moais, wat lekkers en wat gesellichs is der in hiel soad plak.
It liket sels wol datsto mear romte krijst ast it libben mear en mear folstoppest mei alderhanne saken dêr’tsto dy fan de wille om fergrieme kinst.

Klaske Hiemstra

febrewaris 25, 2010 09:35
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Wieke de Haan febrewaris 26, 19:41

    Krekt sa’n moai wurd is ‘flaubyt’. Tafallich hie ik dêr juster mei ien sa’n praatsje oer. De oar murk op dat it wurd ‘flaubyt’ nochal ris te finen is yn boeken fan Rink vand er Velde. (in eintsje droege woarst is yn Fryslân tink ik de bekendste flaubyt!). Ik sei dat ik it wurd geregeld sels brûk en oars myn man wol, dy’t graach op oere en tiid yt, mar dêrneist graachris in flaubyt mei. En wat tinkt jim’ fan in mûlterchje? Dat is in moai Frysk wurd foar ‘amuse’, krekt sa’n hapke foarôf as op- ‘e-smaakbringerke. Krekt ast tinkst: oe wat lekker, is’t al op.
    Simke Kloosterman witst der ek wol ried mei: sy hat yn ‘De Fryske petiele’ (it alderearste Frysktalige itensiedersboek) in hiel haadstik mei ‘Mûlterchkjes’ folskreaun.
    En ast in persoan mûltergest, dan kin dat ek wat oar betsjutte: in moaie frou kin in man mûltergje, oftewol de kop gek meitsje. It sil der wol mei te krijen ha dat de leafde troch de mage giet, soe’t net?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.