Moslims

febrewaris 22, 2010 14:45
Fiif jier lang haw ik les jûn yn in asylsikerssintrum. Ik wit noch dat ik der nei de earste fakânsje wer kaam en dat it my oangriisde, al dy minsken mei har donkere gesichten yn dy frjemde klean. Mar stadichoan wende dat.

Sa wie it ek mei de moslims yn myn klasse. Hieltyd mear fielde ik dat it gewoan minsken wiene, minsken mei har swakke mar ek mei har sterke kanten. Fansels wiene der guon dy’t de maklikste wei sochten, mar der wiene ek dy’t wier har bêst diene om te learen hoe’t se yn ús maatskippij funksjonearje koene. Minsken ek dy’t wat oer hiene foar oaren en dy’t meifiele koene as men sels yn’e knipe siet. 

En fansels binne der dan dy berjochten oer it terrorisme. Mar it is mar sa’n lytse minderheid dy’t him dêrta ferliede lit en de grutte mearderheid moat der neat fan ha. Boppedat binne net alle terroristen Moslims: twa fan de trije slimste oanslaggen fan ’e lêste tiid yn Nederlân, op Pim Fortuin en by it Lo, hiene der neat mei te krijen.
Wat der barre moat, is dat minsken gewoan folle mear mei-inoar prate op gewoan minsklik nivo. Wy moatte net bang wêze fan Moslims en Moslims moatte net benaud wêze foar ús maatskippij en se moatte leare om der yn ’e hûs oer te praten. Dan giet it ek better mei de oanpassing fan ’e jongerein. Want wier, dy hjoeddeiske islamityske Nederlanners ferskille faak minder fan ús as ús eigen foarâlden fan 1950.

 
Pyt
 
 
 

 

 

 

 

 

 

 

febrewaris 22, 2010 14:45
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. roel septimber 24, 16:21

    Pyt, hast wol ris in boek lêzen oer maatskippij en kultuer yn Arabyske lannen en dat fergelike mei dy fan ús? Nee? Doch dat dan efkes en lês dyn eigen stikje eefkes werom. Dankewol.

  2. Jan septimber 24, 18:50

    Pyt wit net heal wêr’t er it oer hat. Fansels moat ik soks net sizze en de man oer de holle strike om him mei te krijen, mar ik wol net troch de moslims ferrifele wurde. Al wie it allinnich al net om de grutte tallen bern dy’t se meitsje op ús kosten. Dêr sit de ferrifeljende oerfalstaktyk achter. Soed er dochs wizer wurde wolle, dan kin er lêze: 1. De schijn-elite van de valse munters (Martin Bosma, útj. Prometheus), 2. Geert Wilders (Meindert Fennema, útj. Bert Bakker), 3. Hollandse Stellingen ( Jaffe Vink, útj. Augustus), 4. De Immigratieramp van Nederland (Sietse Fritsma, útj.: eigen behear? ik kin gjin útjouwer fine yn/op it boek), Islam voor varkens (prof. dr. Hans Jansen, útj. Van Praag), 6. EURABIE, de geheime banden tussen Europa en de Arabische wereld( Bat Ye’or, útj. J.M. Meilenhoff ). Wol er noch mear witte, dan kin er ynternasjonale tydskriften lêze.
    Sa net, wêrom moat Europa al dy midsieuwers opheine, opfiede en nei skoallen gean litte? Wat dogge se hjirre as harren dy islam sa nei ‘t sin is?. Lit se yn de islamityske bliuwe. Is der ien dy’t de moed hat om te sizzen, dat de ramp yn Pakistan foaral troch de oerbefolking komt? It skaaimerk fan de muselmannen?

  3. mbc84 maart 12, 10:33

    Pyt hat, krekt as in hiel soad oaren, gjin flau benul fan wêr’t er it oer hat. It mohammedanisme is in ideology, dy’t lyk is mei it sosjalisme en it nazisme. Ynstee fan moaie postmodernistyske sosjalistyske praatsjes op te skriuwen soed er him goed dwaan him ris te ferdjipjen yn it mohammedanisme. Lês “Mohammed and the People” of “Hitler en de Arabieren”, “Brussel-Eurabia”. Mar nee, Pyt wol mar net witte en sjocht leaver de oare kant op en begjint mei moaiwaarpraatsjes.

  4. Johannes maart 12, 10:56

    Arabyske lannen, Moslims, Mohammedaansk. It wurdt troch de trije op in heap smiten. Elkenien is gelyk en sy binne bang foar harren eigen bangens. Pyt hat in nijsgjirrich stik skreaun, sa as hy altiten docht.

  5. Willem Riemersma maart 12, 11:41

    Kristenen hawwe ‘harren’ Krústochten kend. Dêr kin ik net omhinne.
    Mar wy libje no wol 1000 jier letter yn de tiid.En dêr kin ik likemin om hinne. En bestiet der op in ynterpretaasje fan de Koran basearre Moslemterrorisme. Fan in wat hyt ‘lytse’ minderheid, mei in Kalifaat fan tsientûzenen kante kilometers yn Syrië en Irak. Mei fangearms as fan in oktopus.
    Mar wat ik mis, is it ipenlike en iepenbiere massale lûd fan matichde Moslems yn lannen dêr’t sy lykas alle oaren rjochten hawwe. Dêr kin ik alwer net om hinne. Wêrom gjin protesten – lit stean massale protesten – op strjitte fan de matichde mearderheid fan Moslems. Tsjin radikalisearre, gewelddiedige fijannen fan harren eigen ynterpretaasje fan de Koran en fijnannen fan it oansjen fan Moslems?
    It begryp Jihad – hoe humaan it ek as oprop ta selsrefleksje troch en bûten in yntellektuele eltie fan Moslems en net-Moslems útlein wurde mei -, hie nea yn de Koran stean moatten.
    In Kristen leaut dat úteinlik God allinne oardielt. Radikale Moslems miene dat sy foar God spylje moatte. Dat is yndie it ferskil fan 1000 jier, it ferskil tusen barbarij en beskaving.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.